Eduard Drenth (De Haach, 1966) helle syn yngenieurstitel yn 1991 oan 'e Universiteit Wageningen. By it Amsterdams Medisch Centrum (AMC) en it Nationaal Instituut voor Subatomaire Fysica (Nikhef) hat er de mooglikheden fan agenttechnology troch grid computing ûndersocht.
Sûnt 2016 wurket er by de Fryske Akademy, dêr't er meiferantwurdlik is foar it ICT-belied en as arsjitekt belutsen is by CLARIAH-projekt. Dêrneist is er as ûntwikkeler belutsen by de taaldatabanken fan 'e Fryske Akademy en it online wurdboek Nederlânsk-Frysk.